SC Hearrenfean-Roda giet troch

03 feb 2012 - 09:24

De wedstryd tusken Hearrenfean en Roda JC giet freedtejûn gewoan troch. De KNVB hat it fjild freedtemoarn goed keurd. Tongersdei wie noch net wis oft der spile wurde koe omdat der, nettsjinsteande de fjildferwarming, te folle froast yn it middenfjild siet. Sûnt dy tiid is der mei man en macht wurke om dêr wat oan te dwaan. En dat is slagge.

Skiedsrjochter Sanders sil it fjild freedtemiddei noch wol op 'e nij besjen yn ferbân mei de snie.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)