Schrieversronte lulk oer nota

03 feb 2012 - 07:50

De Stellingwarver Schrieversronte is lulk op de gemeente Eaststellingwerf. Oanlieding is in konsept-evaluaasjerapport oer it keunst- en kultuerbelied fan de ôfrûne jierren yn de gemeente Eaststellingwerf. De schrieversronte wurdt dêryn beskreaun as in lytse groep fan minsken op leeftiid dy't de ôfrûne jierren net genôch dien ha om de organisaasje te professionalisearjen.

De schrieversronte herkent him absolút net yn wat it rapport skriuwt. De ronte wurket nau gear mei in soad organisaasjes en rjochtet him yn syn wurk bot op de jeugd.

Wethâlder de Boer fan Eaststellingwerf seit dat it om in konseptnota giet. Mar hij jout ta dat de formulearringen yn dat konsept wol oars kind hiene. De Boer priziget de ynset fan de Schrieversronte, mar seit wol dat de gemeente him soargen makket oer de takomst fan de ronte. Want as de leden fan no der mei ophâlde, is it de fraach oft sij opfolgers krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)