Rjochtsaak om ûntslach skoalle

In klasse-assistinte fan It Hearrenfean focht woansdei foar de rjochtbank yn Ljouwert har skorsing en ûntslach oan. De frou hie op har skoalle, de Duisterhoutskoalle foar ZMLK-bern, in gefal fan bernemishanneling oan de oarder steld.
De wize wêrop soarge neffens iepenbier skoalnetwurk De Basis foar ûnrêst en fersteurde ferhâldings. De skoalle hie har dêrom skorst, berispt en oanslutend ûntslein. De frou wie it dêr net mei iens en spande in rjochtsaak tsjin de skoalle oan.
De klasse-assistinte fynt dat se ûnrjochtfeardich behannele is en dat de skoalle net goed omgien is mei har melding. Ek wol se har wurkplak werom. De útspraak is oer 6 wike.