Lêste iten foar dj's SR
Dj's Giel Beelen, Coen Swijnenberg en Paul Rabbering fan 3FM hawwe woansdeitejûn yn it glêzen restaurant op de Waag yn Ljouwert harren lêste jûnsiten hân. Om 20.30 oere hinne docht turner en sportman fan it jier Epke Zonderland de duorren fan it Glêzen Hûs op slot.
De dj's sille dan seis dagen lang non-stop radio meitsje foar it goede doel.