Tal fan aksjes foar SR 2013

18 des 2013 - 17:00

Troch de hiele provinsje hinne wurde aksjes hâlden foar Serious Request. Op it ROC Friesland yn Drachten lizze studinten mei 100.000 muntsjes de tekst 'SERIOUS SHIT' op it plein. Yn de iishal fan Ljouwert ride meiwurkers fan Wetterskip Fryslân rûntsjes foar it goede doel. Meiwurkers fan Tempo Team ferkeapje sjippe en learlingen fan de Maritime Akademy yn Harns binne sûnt moandei dwaande mei de roei-alvestêdetocht. Al it jild dat mei dizze aksjes ophelle wurdt, is bedoeld foar it bestriden fan diarree.

Besjoch hjir de webcam op it Saailân

Trefwurden: 
Serious Request
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)