Westers lilk op gemeente

18 des 2013 - 16:41

Undernimmer Harry Westers fan Hotel Skylge is lilk op de gemeenteried fan Skylge. Dy hat tiisdeitejûn de plannen foar útwreiding fan it hotel ôfsketten. De bou soe plakfine op de Dellewal, in stik natuergebiet dat de eilânbewenners behâlde wolle. Neffens Westers wiene der lykwols al ôfspraken mei de gemeente makke.

Westers is fan doel om nei de rjochter te stappen. Hy hopet op dizze wize dochs te bouplannen trochsette te kinnen. Oars easket hy jild fan de gemeente.

Trefwurden: 
Skylge Harry Westers Dellewal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)