Publikaasje deiboek ferbean

Marianne Vaatstra
It deiboek fan Maaike Terpstra, de mem fan Marianne Vaatstra mei net publisearre wurde. Dat hat de rjochtbank yn Haarlem besletten. Publisist Wim Dankbaar en útjouwer Hans Mauritz hawwe it deiboek fan in freondinne fan Terpstra krigen en wolle it iepenbier meitsje.
Ut dat deiboek soe dúdlik wurde dat de werklike moardners fan Marianne Vaatstra jierrenlang troch justysje beskerme binne. De famylje Vaatstra hat lykwols oanjûn dat de saak mei de feroardieling fan Jasper S. foar harren dien is, en dat se rêst wolle.