Nije site 'Friesland.opglas'

De nije webside friesland.opglas.nl is tiisdei úteinset om te sjen wêr't rap ynternet op it Fryske plattelân komme moat. Under oaren boeren, skoallen en doarpsbelangen rinne no al tsjin beheinings oan fan de ynternetferbining yn it bûtengebiet. Sy wolle dêrom dat sa gau mooglik glêsfezel oanlein wurdt. De provinsje wol dat ek, mar dan moatte minsken de earat oanjaan wêr't se dat wolle. Dat kin no op friesland.opglas.nl.