Sutelaksje definityf werom

De sutelaksje mei Fryske boeken dy't yn novimber yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum holden waard, kriget in ferfolch. Fryske skriuwers hienen sels dy aksje organisearre omdat se fine dat der te min Fryske boeken ferkocht wurde.
De Stifting Tsjil fan de skiuwers komt takom jier mei in nije en grutskalige sutelaksje. It plan is om yn septimber 2014 om op tsien plakken mei boeken by de doar del te gean. Sûnt it ôfskaffen fan de âlde sutelaksje fan stifting It Fryske Boek rint de ferkeap fan Fryske boeken mear en mear tebek.
It is noch net bekend op hokker plakken de nije sutelakse plakfynt.