Gjin ferwûnen brân Hearrenfean

De brânwacht helle mei in heechwurker in frou en bern fan de 4e etaazje © Anton Kappers
Plysje en brânwacht hawwe yn de nacht fan tiisdei op woansdei de bewenners fan sân apparteminten yn in flat oan de Gerritsmastrjitte op It Hearrenfean evakuearre fanwege brân. De brânwacht moast in frou en in bern mei in heechwurker fan it balkon op de tredde ferdjipping helje, om't se troch de reek net mear nei ûnderen ta komme koenen. De plysje koe de oare bewenners út har hûs helje.
By de brân rekke gjinien ferwûne. It fjoer begûn ûnder, mar it is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.