Plusbus kriget jild foar lift

De Plusbus krijt 10.000 euro fan de gemeente Opsterlân. De bus bringt âlderein en minsken mei in hendikep út de gemeente Opsterlân nei wêr't se mar hinne wolle. Dat kin bygelyks foar in besite oan famylje of oan it swimbad wêze. De 10.000 euro is bestimd foar in liftynstallaasje yn in nije bus. Dêrtroch wurdt de nije bus ek tagonklik foar minsken yn in rolstoel.
De plusbus is in inisjatyf fan de stifting Sociaal Cultureel Vervoer Opsterlân.