Epke sportman fan 2013

Epke Zonderland fan De Lemmer is tiisdeitejûn op it Sportgala ferkeazen ta sportman fan it jier. De turner fersloech reedrider Sven Kramer en fuotballer Arjen Robben. It wie de fjirde kear dat Epke dizze priis wûn. Earder krige er de priis yn 2009, 2011 en 2012. Epke komt mei fjouwer titels op likense hichte mei reedrider Ard Schenk, dy't de priis ek fjouwer kear wûn.
Hurdfytster Marianne Vos waard útroppen ta sportfrou fan it jier. Njonken Vos wiene reedrydster Ireen Wüst en swimster Ranomi Kromowidjojo nomineard.