Soargen oer Fryske gemeenten

17 des 2013 - 21:45

De provinsje is somber oer de finansjele takomst fan de Fryske gemeenten. Dy komme op de langere termyn yn de problemen troch de besunigings fan it Ryk en de gefolgen fan de ekonomyske krisis.

Foar 2014 hawwe de Fryske gemeenten noch in slutende begrutting by de provinsje ynleverje kinnen. Mar om dat ek yn de takomst te dwaan, moatte gemeenten yngreven maatregels nimme, ek al omdat de ynkomsten út de grûneksploitaasjes ûnder druk steane en de lesten heger wurde. Boppedat skoot it Ryk taken ôf nei gemeenten.

De begruttings fan de weryndielingsgemeenten Ljouwert, Hearrenfean en de Fryske Marren hat de provinsje noch net beoardiele. De nije gemeenterieden moatte de begrutting earst noch fêststelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)