Gearwurking SC H'fean en CIOS

17 des 2013 - 21:38

SC Hearrenfean en it Friesland College sette útein mei in unike fuotbalakademy yn Nederlân. Tiisdei binne de hantekeningen setten ûnder de gearwurkingsoerienkomst 'Samen Sterker'. Dêryn wurde tal fan ôfspraken en de útfiering dêrfan fêstlein, lykas de ynrjochting fan de oplieding 'Abenello Voetbalacademie', it gebrûk fan akkommodaasjes en it staazjerinnen fan CIOS-studinten by de fuotbalklup.

Fierder is it doel om de kennis en kunde fan beide partijen te yntegrearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)