Krystdrokte foar postboaden

Tiisdei wie foar de postrinners fan PostNL ien fan de drokste dagen: sa'n 17 miljoen poststikken wurde út de brievebus helle. Trije kear safolle as op in gewoane dei. Nei ferwachting wurde der dit jier 145 miljoen krystkaarten ferstjoerd. Minsken yn Nederlân stjoere ûngefear 40 krystkaarten, Friezen nóch mear, sa'n 47.
Postboade Willem Wolberts bringt de post yn Ljouwert rûn. Hy sjocht altyd út nei de krystperioade. Hy wol al de minsken freegje gjin lytse kaartsjes te ferstjoeren om't dy dreech te besoargjen binne.