Steaten prate oer Jorritsma

17 des 2013 - 17:27

De provinsje sil woansdei bekend meitsje oft kommisaris fan de Kening John Jorritsma in twadde termyn krijt. De fertrouwenskommisje fan Provinsjale Steaten makket dit dan bekend op it provinsjehûs.

Oan it begjin fan de dei wurde earst de Steateleden bypraat oer it advys fan de kommisje oer de werbeneaming fan Jorritsma. Dat bart yn in gearkomste achter sletten doarren. Oanslutend wurdt it advys fan de fertrouwenskommisje en de miening fan de Steaten iepenbier makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)