Jansma stribbet nei in medalje

17 des 2013 - 15:37

Op nei in Olympyske medalje. Dat is no it folgjende doel foar bobslider Sybren Jansma. Dit wykein hat hy him yn Lake Placid yn Amearika pleatst mei de fjouwermansbob foar de Olympyske Winterspelen yn Sotsji. Fjouwer jier lyn wie hy der ek by, mar no wol hy mear as allinnich mar meidwaan en neffens de âld-ynwenner fan De Pein is in medalje ek realistyk.

Op dit stuit is Jansma benammen ferromme dat it slagge is om him te kwalifiserjen foar de Olympyske Spelen yn Ruslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)