Wind 'eigener' gemeentenamme

Undernimmer Frits Wind fan Rotsterhaule hat fan alle fjouwer mooglike domeinnammen fan fúzjegemeente De Fryske Marren it patint oanfrege. De ûndernimmer is dêrmei de eigener fan de nammen De Friese Meren, De Fryske Marren, Friese Meren en Fryske Marren. Dat betsjut dat de gemeente de nammen net sûnder syn tastimming brûke mei.
De aksje is neffens Wind in ludike reaksje op it plan fan de gemeente om de namme te feroarjen yn De Fryske Marren. Dat sil tusken de 400.000 en 800.000 euro kostje. Wind wol de gemeente wekker skodzje.
Gemeente De Fryske Marren ûndersiket de saak en wol noch net reagearje.