Utspraak EVT op âldjiersdei

It is tiisdei der op of der ûnder foar rederij EVT. By de rjochtbank yn Den Haach tsjinnet it koart pleit dat de EVT oanspand hat tsjin it beslút fan steatssiktaris Mansveld, dy't de feartsjinst tusken Harns en Skylge mei yngong fan 1 febrewaris 2014 ferbiedt. Rederij Doeksen soe finansjeel net oerein bliuwe kinne troch de konkurrinsje fan EVT.
Neffens de EVT is it beslút fan Mansveld lykwols yn striid mei de Europeeske wet- en regeljouwing. Op âldjiersdei docht de rjochter útspraak.
Yn de rjochtseal waarden de omsetsifers fan Doeksen bekend makke om oan te jaan hoe grut it ferlies is troch de konkurrinsje fan EVT. Doeksen hie yn 2012 in ferlies fan 2,2 miljoen. De prognoaze foar 2013 en 2014 is dat it ferlies oprinne sil oant mear as 3 miljoen per jier. Troch skrappen fan feartsjinsten en reorganisaasje kin it ferlies beheind wurde oant 4 miljoen oer twa jier. Neffens Doeksen litte de sifers sjen dat in rendabele feartsjinst mei twa rederijen ûnmooglik is. Doeksen hat mei TSM de ôfspraak dat de solvabiliteit minimaal 30 prosint wêze moat. Dit komt ein 2014 al yn gefaar.
Direkteur fan EVT Erwin Rob joech yn de rjochtseal oan dat er in businessmodel útwurke hat om rendabel te farren mei meardere boaten. As it moat kin dat yn gearwurking mei Doeksen. Neffens de abbekaat fan de steat betsjut it oanbliuwen fan EVT dat de tsjinstferliening fersobere wurde moat.