Wat is sletvrees yn it Frysk?

17 des 2013 - 10:58

Yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske Akademy hâldt de Ried fan de Fryske Beweging oan de ein fan dit jier foar de tredde kear op rige de wedstriid foar de moaiste Fryske oersetting fan nije Nederlânske wurden. De ried ropt minsken op om foar tolve nije Hollânske wurden in moaie Fryske fariant te betinken. Dêrby giet it om wurden as selfie, dat tiisdei útroppen waard ta it wurd fan 2013, sletvrees, scheefwonen en crowdfunding.

Oersettingen kinne oant en mei 19 jannewaris ynstjoerd wurde op de webside fan de Ried fan de Fryske Beweging.

De moaiste oersetting wurdt op 14 febrewaris bekend makke yn Tresoar. Foarige edysjes fan de wedstriid hawwe al in pear moaie nije Fryske wurden opsmiten. 'Insectensnack' waard 'hipperhapke', foar weigerambtenaar waard 'ferpofamtner' betocht. Ferline jier wûn it wurd 'bringbrommer' as wjergader foar 'bezorgbromfiets'.

Trefwurden: 
Fryske Beweging wurd selfie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)