Hege wurdearring foar Omrop

It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
​Omrop Fryslân krijt fan alle regionale omroppen de heechste wurdearring fan it publyk. It rapportsifer is 7,5. Dat docht bliken út ûndersyk fan ûndersyksburo Motivaction. By it earste ûndersyk fan Motivaction yn de maaitiid fan 2013 krige Omrop Fryslân ek al de heechste wurdearring. Yn trochsneed wurdearret it publyk de regionale omrop mei 7,3.
Neffens itselde ûndersyk wie ek it berik fan de regionale omroppen yn 2013 bysûnder goed. Mear as 6 miljoen Nederlanners sjogge alle wiken nei de regionale omrop, de regionale radio is merklieder.
98 % fan de minsken is bekend mei de eigen regionale stjoerder. It ûndersyk is ôfnommen ûnder 13.306 respondinten.