Postma frege foar oseaanrace

17 des 2013 - 10:32

Olympysk siler Pieter-Jan Postma is troch skipper Bouwe Bekking frege om mei te dwaan oan de Volvo Ocean Race. Dy race duorret njoggen moanne en is in slitaazjeslach oer de wrâldseeën. Finn-siler Postma, fjirde op de Olympyske Spelen fan 2012 en dit jier tredde op it wrâldkampioenskip, hat de oanbieding yn berie.

It liket Postma machtich moai om mei te dwaan, mar it moat syn kampanje foar de Olympyske Spelen fan 2016 yn Brazilië net hinderje. De Volvo Ocean Race begjint op 4 oktober 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)