Frou (79) ferwûne by botsing

Ambulânse © ANP
In 79-jierrige automobiliste út Kollumersweach is moandei ferwûne rekke by in botsing op de Dongerawei by Easternijtsjerk. De frou kaam yn botsing mei in frachtwein. De 24-jierrige frachtweinsjauffeur besocht de frou noch te ûntwiken, mar ried tsjin de foarkant fan har auto. De frou kaam fêst te sitten en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.
De frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.