Koöperaasje fan doarpsskoallen

Doarpen dy't de doarpsskoalle driigje te ferliezen kinne har, yn gearwurking mei de ûnderwizers, aanst oanslute by in koöperaasje. Dit is in nije bestjoersfoarm foar lytse doarpsskoallen. Fjouwer doarpsskoallen ha besletten ta de oprjochting fan de Nationale Coöperatie Kleine Scholen. De kristlike basisskoalle Mids de Marren fan De Gaastmar is dêr ien fan.
De minister moat noch tastimming jaan, mar de inisjatyfnimmers gean der fanút dat it goedkomt. Doel is om mekoar te helpen, sadat lytse skoallen op de doarpen bestean bliuwe kinne.