Rekkenkeamer kritysk oer REC

It provinsjale bestjoer hat de belangen fan boargers en harren emoasjes negeard by de diskusje om de ôffaloven yn Harns hinne. It projekt is boppedat te licht ynskat. It gefolch wie dat amtners te bot ôfhinklik wiene fan eksterne buro's. Dat skriuwt de Noardlike Rekkenkeamer yn in rapport oer de fergunningferlienings foar de ôffaloven REC yn Harns. Neffens de rekkenkeamer is it belang fan in iepene en aktive ynformaasjeplicht ûnderskat.
Deputearre Steaten ûnderskriuwt de konklúzjes en oanbefellings fan de rekkenkeamer en nimt se oer.
Deputearre Steaten soe mei Provinsjale Steaten dêr hurde ôfspraken oer meitsje moatte. Sa moatte drege en polityk gefoelige dossiers better tagonklik makke wurde.
De steatefraksje fan GrienLinks is poer op Deputearre Steaten. Retze van der Honing fynt dat de steaten bot tsjinwurke binne by it ferkrijen fan goede ynformaasje. Fierders hat de provinsje neffens him alle war dien om de ôffaloven der te krijen, wylst der genôch reden wie de fergunning te wegerjen. De PVV nimt it heech op dat de boargers min ynformearre binne. Neffens fraksjefoarsitter Otto van der Galiën is it de provinsje mei dêrom net slagge draachflak te krijen.
Koälysjepartij PvdA is fan betinken dat yn it ferline in soad flaters makke binne, mar dat der ek in soad ferbettere is. Neffens wurdfierder Hetty Janssen wurdt yn it rapport goed dúdlik makke dat Deputearre Steaten folle earder en better nei bûten ta trede moatte mei ynformaasje oer drege dossiers. Dat fynt ek CDA-fraksjefoarsitter Johan Tjalsma. Neffens him moat de provinsje by drege dossiers aktyf boargers belûke by de ynformaasjefoarsjenning.