Wilders populêr yn Fryslân

Partijlieder Geert Wilders fan de PVV is yn ús provinsje útroppen ta politikus fan it jier. Hy krige 20 persint fan de stimmen by in enkête fan it tillevyzjeprogramma EenVandaag. Neffens de Friezen sprekt Wilders dúdlike taal en harket er goed nei de minsken yn it lân. Efter Wilders waard minister fan Finânsjes Jeroen Dijsselbloem twadde en D66-lieder Alexander Pechtold tredde.
It wichtichste politike barren fan it jier fine de Friezen it begruttingsakkoart yn oktober. Mei-inoar hawwe 1500 minsken yn Fryslân meidien oan de enkête.