Mandela-film yn bios Drachten

Nelson Mandela © ANP
Yn De Bios yn Drachten is moandeitejûn in eksklusive foarpremjêre fan de film 'Mandela: Long Walk to Freedom'. Sawat 160 frijwillgers en bestjoerders fan sportklups binne útnoege om de film te sjen.
De foarpremjêre is yn fyftjin bioskopen yn Nederlân. Dat wurdt organisearre troch in tal sportbûnen en it sportadvysbedriuw Koerseigen. De wize hoe't Mandela syn lân bestjoerde en drege beslissings nimme moast, lit neffens de organisatoaren sjen hoe wichtich oft it ek foar sportferienings is om in goed bestjoer te hawwen.