Monuminten kinne opknapt wurde

16 des 2013 - 16:40

De provinsje stekt goed 3,7 miljoen euro yn it opknappen fan moniminten. Mei-inoar is der jild foar 69 Fryske monuminten. It jild is bedoeld foar needsaaklike restauraasjes, mar ek foar it ombouwen fan in monumint foar in nije bestimming. Sa is der bygelyks foar it eardere kafee Benthem oan de Foarstreek yn Ljouwert 200 tûzen euro beskikber.

De Pelikaantsjerke yn Ljouwert kriget 130.000 euro. In soad wynmûnen en pleatsen krije ek jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)