EVT stiet foar koart pleit

It binne beslissende dagen foar de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT. Steatssekretaris Mansveld hat de rederij mei yngong fan 1 febrewaris ferbean de feartsjinst tusken Harns en Skylge út te fieren. De EVT fjochtet dat beslút oan by de rjochtbank yn Den Haag.
De rjochtsaak is tiisdei. Mar sels by ferlies fan it koart pleit, giet de EVT troch mei farren.
Mansveld sjocht gjin romte foar twa feartsjinsten nei Skylge. Rederij Doeksen soe finansjeel net oerein bliuwe kinne troch de konkurrinsje fan de EVT.
Direkteur Paul Melles fan Doeksen ferwachtet ek dat de EVT nei 1 febrewaris trochfarre sil. As it foar de simmer mar dien is mei de EVT, seit Melles. Oars moat Doeksen no wol ûnrendabele oertochten skrasse en reorganisearje.