Cambuur praat mei Kevin Brands

Cambuur hâldt dizze wike in petear mei spiler Kevin Brands. Ynset sil wêze oft foar Brands noch wol takomst is by de Ljouwerter earedivyzjeklup. Brands wie snein formeel siik by de wedstriid Cambuur-Ajax, mar hy hie ferline wike al in petear mei direkteur Gerald van den Belt oer syn funksjonearjen.
Brands is ûntefreden oer syn rol by Cambuur. Hy begûn it seizoen as ynfaller, mar helle dêrnei de basis as linkerspits. Dat wie oant no ta gjin súkses. Dêrom is er wer reserve wurden.
De 25-jierrige Brands spilet sûnt dit seizoen by Cambuur, dat him op hierbasis oernommen hat fan Willem II út Tilburg. Van den Belt is drok dwaande om yn de winterstop fersterkingen te sykjen foar Cambuur. Op it listke fan potinsjele nije spilers stiet ek Lesley de Sa fan Ajax, mar oft dy spiler komt, hinget ek ôf wat Ajax sels docht oan transfers, seit Van den Belt.