Boek oer Lytse Tsjerkestrjitte

Ein fan 'e wike ferskynt in boek oer 150 jier Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert. It boek beskriuwt it libben fan de ûndernimmers yn 'de leukste winkelstrjitte fan Nederlân'. Oan de hân fan argyfmateriaal, foto's, anekdoates en ferhalen is in byld makke fan de strjitte. Oan bod komme de begjinperioade mei tal fan ambachten, de oarlochjierren 40-45, de jierren santich en tachtich mei de striid tsjin de coffeeshops en de ferkiezing ta 'leukste strjitte'.
It boek is skreaun troch sjoernalist Niek Donker. Hy wennet yn de Lytse Tsjerkestrjitte.