Ekstra trein Ljouwert-Meppel

Treinreizgers tusken Ljouwert en Meppel waarden moandeitemoarn traktearre op wat lekkers troch deputearre Johannes Kramer en NS-regiodirekteur Ineke van Gent. Dat hie alles te krijen mei de nije tsjinstregeling op it trajekt. Fan moandei ôf rydt op wurkdagen oant jûns acht oere alle oeren in ekstra trein tusken Ljouwert en Meppel. Dêr is dan in goede oansluting nei Zwolle. Oant no ta ried de trein allinnich yn de spitsoeren.
De ekstra trein wurdt troch de provinsje en de NS sjoen as de earste stap om de tsjinstregeling tusken Ljouwert en Zwolle út te wreidzjen nei fjouwer treinen yn de oere.