Serious Record boppe 225 oeren

Fyftjin dagen dei en nacht non-stop muzyk meitsje. Dat is wat de aksje Serious Record opsmite moat. De opbringst giet folslein nei Serious Request. De aksje is freed foar in wike fan start gien. Hûnderten bands ha al in optreden fersoarge. De teller stie moandeitemoarn krekt nei healwei sânen op rom 225 oeren. Sneontejûn alve oere moat bliken dwaan as it rekôr helle is. Dat stiet no mei 360 oere noch op namme fan in kafee yn Amearika. Ljouwert wol dat mei trije oeren ferbetterje.