Auto yn de brân op Ossekop

16 des 2013 - 07:02

Oan de Ossekop yn Ljouwert is sneontenacht in auto fan it merk Jaguar yn de brân flein. De auto stie diels foar it kantoar fan advokatekantoar Anker en Anker, mar wie net fan harren. Avokaat Tjalling van der Goot lit yn in reaksje witte dat se it plysje-ûndersyk ôfwachtsje. Mocht it foarfal wol op it advokatekantoar rjochte wêze, dan sille se fansels maatregels nimme.

De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. Der is ek noch in boargernetnetmelding útdien om de dieder te finen. Mar dat hat neat opsmiten.

It gebou fan de Ankers hat gjin skea.

Trefwurden: 
autobrân De Ossekop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)