Acht ferwûnen op Ofslútdyk

15 des 2013 - 22:48

By in ûngelok by Breesândyk op de Ofslútdyk binne sneintejûn om healwei njoggenen hinne acht minsken ferwûne rekke wêrfan ien swier. It ûngelok barde doe't in automobilist fan de dyk ôfrekke en fia de fangrail werom stuitere op 'e dyk. Twa achteropkommende auto's koenen in botsing net mear ûntkomme.

Twa oaren slaggen deryn om út te wiken en rûnen allinnich blikskea op. Fiif fan de ferwûnen binne oerbrocht nei it sikehûs fan Hoorn, twa nei Snits en de swier ferwûne nei it UMCG yn Grins. De dyk is krekt nei alve oere wer frijjûn.

Trefwurden: 
ûngelok Breesândyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)