Jansma en Piek nei Sotsji

Sybren Jansma © ANP
Sybren Jansma en Jeroen Piek, de beide Friezen yn de fjouwermansbob fan stjoerman Edwin van Calker, ha har pleatst foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Sotsji. Yn Lake Placid by de wrâldbekerwedstriid waard it Nederlânske team achtste. Mei de fjirde man Arno Klaassen yn de slide slagge no wol wat yn Calgary en Salt Lake City krekt net slagge, in plak by de earste acht. De winst yn Lake Placid wie foar de bob fan Amearika mei stjoerman Steven Holcomb. De bobslide fan Van Calker hie 0.54 sekonde langer wurk oer de twa runs.