Steuring ynskriuwing fytstocht

15 des 2013 - 18:15

De online ynskriuwing foar de Fytsalvestêdetocht is snein al frij gau nei it begjin stillein. It systeem koe de grutte mannichte oan ynskriuwings net goed ferwurkje. Ynskriuwe koe fan tolve oere ôf en om kertier foar trijen is it systeem stillein. Bestjoersfoarsitter Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht seit dat it wol in pear dagen duorret, foardat dúdlik is, hoe't it no fierder moat.

De Fystalvestêdetocht is altyd op Pinkstermoandei. De start en finish is yn Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)