SCO kânsleas yn Amstelveen

Kuorbal © ANP XTRA
De kuorballers fan SCO ha snein mei 23-18 ferlern fan KVA. Yn Amstelveen naam de thúsploech fan begjin ôf oan de lieding. By rêst seach de ploech fan trainer Hillebrand Diever tsjin in 12-8 efterstân oan.
Yn de twadde helte wist SCO it gat net mear goed te meitsjen. By in stân fan 17-13 moasten de kuorballers fan Aldeholtpea definityf de oansluting gean litte en koe KVA ienfâldich útrinne nei in romme oerwinning.
Troch it ferlies bliuwt SCO stykjen op 4 punten út 6 wedstriden.