Marissen 5e op 100 m. wiksel

15 des 2013 - 17:34

Swimmer Mike Marissen is snein by de Europeeske kampioenskippen koartebaan swimmen yn de Deenske stêd Herning fyfde wurde yn de finale fan de 100 meter wiksel. Marissen, dy't traint yn Drachten, sette in tiid fan 53,24 op 'e klok. De winst gong nei de Rus Vladimir Morozov yn in tiid fan 51,20. Syn lângenoat Sergei Fesikov waard twadde mei 52,32 , folge troch de Italiaan Stefano Pizzamiglio (52,81).

Marissen pakt sneon mei de Nederlânske ploech it brûns op de estafette 4x 50 meter frij foar mingde teams.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)