Trije oanhâldings by Cambuur

Nei de wedstriid Cambuur-Ajax binne trije Cambuursupporters oanhâlden. Twa waarden oppakt foar mislediging fan de plysje en baldadigens. In tredde man, in 34-jierrige Ljouwerter, is oanhâlden omdat er in plysje-agint misledige. Boppedat waard er ek noch socht omdat er him by de wedstriid Cambuur-FC Grins skuldich makke hat oan iepenlik geweld.
De Mobile Ienheid hat ek noch even yn aksje west om de Ajaksiden wer yn de bus te krijen. De plysje is fierders tefreden oer hoe't de wedstriid gien is, wat feiligens en iepenbiere oarder oanbelanget.
Lykas bekend ferlear Cambuur mei 2-1 fan de Amsterdammers.