Deade man yn Frjentsjer fûn
De plysje hat sneintemoarn yn in sleat yn Frjentsjer it lichem fûn fan in deade man. Dat wie achter it tankstasjon oan de J. Dykstrawei. It giet om in 23-jierrige Poal dy't yn 'e stêd wenne.
De man is ferdronken. Neffens de plysje binne der gjin oanwizings dat it om in misdriuw giet.