LDODK ferliest fan Fortuna

15 des 2013 - 13:36
  • Trainer Jan Sjoerd Pool

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn mei 17-14 ferlern fan Fortuna. Yn Delft wist de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool lang yn it spoar te bliuwen fan de Delftenaren. LDODK pakte brutaal de foarsprong troch treffers fan André Zwart en Geertje Hoekstra. By in stân fan 3-3 naam Fortuna it inisjatyf oer en rûn foar rêst út nei 11-6.

Yn de twadde helte kaam LDODK knap werom. Mei noch 6 minuten op 'e klok soargen fjouwer opienfolgjende treffers fan André en Erwin Zwart foar 15-13. Dêrnei wist de thúsploech dien wurk te meitsjen.

LDODK stiet mei 3 punten út 7 wedstriden op in dield 8e plak mei OVVO. Sneon 21 desimber stiet de wichtige útwedstriid yn Maarssen tsjin OVVO op it programma.

Trefwurden: 
kuorbal De Gordyk LDODK
(advertinsje)