Parkearboetes by krystmerk

Parkearterrein © Stock.XCHNG, Crystal Ayala
De plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein yn Harns 57 parkearboetes útskreaun. Op 'e Sâltsleat wie in krystmerk, en in protte auto's wiene ferkeard of hinderlik delset. Helptsjinsten koene sa net by de krystmerk komme.
De krystmerk yn Harns lûkt yn 'e rin fan de jierren hieltyd mear folk. Sneontejûn wiene der safolle minsken dat de plysje strang optrede moast tsjin foutparkearders.