Feanwâldster mei auto yn sleat

15 des 2013 - 10:58

In frou fan 28 jier út Feanwâlden is yn 'e nacht fan sneon op snein mei de auto yn 'e sleat bedarre. Dat wie op it Eastein yn har wenplak. Se hie gjin ferwûnings, sa hat ambulânsepersoniel fêststeld.

Wol hie se neffens de plysje tefolle drank op. De frou hat in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
dronken Feanwâlden
(advertinsje)
(advertinsje)