Opskuor Hema falt ta

De Hema yn Ljouwert (hjir op argyffoto)
By de Hema oan de Nijstêd yn Ljouwert wie sneontemiddei tsjin slutingstiid wat opskuor. Der hong in penetrante lucht yn de winkel. Tsien minsken hiene dêrtroch lêst krige oan de luchtwegen. De brânwacht hat del west en út foarsoarch ek in ambulânse en de plysje.
De oanwêzige minsken waarden it gebou út laat. De tsien minsken binne ûndersocht. Wat der krekt mis wie, is noch net bekend. Mooglik dat der sprake wie fan pepperspray, of dat der wat mis wie mei de fentilaasje.