Jubileum Amelân Adventurerun

14 des 2013 - 14:24

De Amelân Adventurerun belibbet sneon it 10-jierrich jubileum. It tal dielnimmers is yn de jierren bot tanaam. Sneon stean goed 4200 dielnimmers oan de start. Yn it earste jier wiene dat mar 600.

De organisaasje hopet de kommende jierren it dielnimmersfjild sterker te meitsjen en miskien wat nasjonale of sels ynternasjonale toppers nei it eilân te heljen. Wol moat it boppe alles in famylje-evenemint bliuwe. De Adventurerun hat twa ôfstannen foar bern, in fiif en in tsien kilometer, en in heale maraton.

Trefwurden: 
It Amelân Adventurerun
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)