Risikowedstriid op keapsnein

14 des 2013 - 13:52

Boargemaster Crone fan Ljouwert ropt minsken op om snein eefkes it easten fan de stêd te mijen fanwege de fuotbalwedstriid Cambuur-Ajax. It is dan ek keapsnein. In soad problemen ferwachtet Crone net. Om tolve oere - as de keapsnein begjint - binne de measte supporters yn it stadion, want de wedstriid begjint om healwei ienen.

Koartlyn soarge sa'n selde keapsnein yn kombinaasje mei in fuotbalwedstriid foar ferkearsopstoppings fan it Drachtsterplein nei it stadion. De wedstriid is in risikowedstriid.

De Ajaxsupporters meie inkeld mei de buskomby nei de wedstriid. Cambuursupporters fan bûten de stêd kinne de auto parkeare op it Fonteinlân by de Tesselschadestrjitte en by Sporthal Kealledykje. Dêrwei ride spesjale bussen nei it stadion. Der rydt ek in bus fan it treinstasjon nei it Cambuurstadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)