Feanfroulju winne fan Utrecht

14 des 2013 - 13:40

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed mei 3-1 wûn fan FC Utrecht. Op eigen fjild kaam Utrecht nei 10 minuten ferrassend op foarsprong. Tsien minuten letter soarge wa oars as topskoarster Vivianne Miedema foar de lykmakker.

Nei rêst hienen de froulju fan Jessica Torny muoite om troch de knappe ferdigening fan de Utrechtske froulju te snijen. Pas yn de 89e minút wie it opnij Miedema dy't foar de ferlossende treffer soarge. Doe wie it ferset by Utrecht brutsen en mocht Sisca Folkertsma de einstân op it boerd sette.

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean stean troch de winst op 22 punten út 13 wedstriden, goed foar it sechsde plak yn de BeNe League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)