Auto yn de sleat yn Raerd

Autoride ûnder ynfloed
In 24-jierrige man út de gemeente Boarnsterhim is freedtenacht mei de auto op de Poppenwiersterdyk yn Raerd de sleat ynriden. Hy is foar ûndersyk nei it sikehûs yn Snits brocht. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol.
It wie al de fjirde kear dat de begjinnend bestjoerder trappearre waard, wylst er dronken yn de auto ried. Hy moest it rydbewiis ynleverje.