Ofskiedsbeammen foar doarpen

14 des 2013 - 11:41

Alle doarpen fan Boarnsterhim krije sneon in ôfskiedsbeam fan de gemeente. De earste beam waard plante by de nije skoallen yn Grou. By de walnútbeammen komme ek betinkingsplaten te stean. De pleatslik belangen fan de doarpen hawwe de plakken fan de beammen sels útsocht.

Op 31 desimber hâldt Boarnsterhim op te bestean. De doarpen wurde ferdield oer fjouwer oare gemeenten: Ljouwert, Hearrenfean, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)